oan de hoarizon
sjoch ik dy
hiel lyts noch
in stipke

do skynst nei my
do lûkst my oan
en wurdtst grutter

dyn waarmte komt oer my
krûpt ûnder myn hûd
dyn rop is myn ferlangjen

sinne

Drieke de Jong